Grytsje it Glêsieltsje (gedicht)
Resint ferskynd
Grytsje it Glêsieltsje

Foto: Wikipedia/B. Kimmel (eigen wurk) – CC BY-SA 3.0
Grytsje har mem wie hielendal ree
om te swimmen fan de Iselmar
nei de Sargassosee.
It wie in hiele reis
en se wie wiken ûnderweis.
Yn Frankryk wie lykwols in file,
dat se tocht dy moat ik omsile.
Se is doe binnentroch gien,
mar hie se dat mar noait dien.
Want se swom in flessehals yn,
in grienenien, mar sûnder wyn.
Se rekke hielendal yn de war,
fan skrik lei se yn de flesse har aaikes mar.
De flesse waard út it wetter helle,
troch de lytse Emanuelle.
Se goaide him fuort, yn it plak dêr’t se wenne,
en sa is Grytsje yn de glêsbak berne.
Folkje Koster
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje