Gaelic hat ferline jier 25 miljoen euro opsmiten

july 20, 2022 23:25

It Gaelic, de minderheidstaal fan Noard-Skotlân, hat ferline jier 25 miljoen euro opsmiten. Dat docht bliken út ûndersyk fan Bòrd na Gàidhlig, de organisaasje dy’t him dwaande hâldt mei de taalpolityk fan Skotlân.

Hoewol’t mar ien persint fan de Skotten maklik Gaelic praat, is de bân fan Skotlân mei de taal sterk. Dy foarmet net allinnich in wichtich elemint fan de eigen kultuer, mar smyt ek jild op. Sa’n 700 Skotten hawwe harren baan oan de taal te tankjen.

Fan harren wurket 58 persint yn of foar it ûnderwiis, bygelyks as learaar Gaelic, as makker fan learboeken of as learare-oplieder. 23 persint wurket yn de kultuersektor en 16 persint yn de toeristyske sektor, bygelyks as organisator fan Gaelictalige eveneminten. Skotlân hat ferskate grutte Gaelictalige muzykfestivals.

Neffens Donald MacPhee, taalfunksjonaris by de gemeente Glasgow, is de subsydzje foar it Gaelic in goede ynvestearring, mei’t dy net allinnich mear gelok, mar ek banen opsmyt.

july 20, 2022 23:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.