Frysk Museum en de Onkruidenier organisearje aktiviteiten oangeande klimaatferoaring

july 2, 2022 08:50 Fernijd

Yn it ramt fan Arcadia (o/m 14 augustus) organisearret it Frysk Museum mei de Onkruidenier trije aktiviteiten yn it teken fan it feroarjende klimaat. Dielnimmers leare oars nei harren libbensomjouwing te sjen en betinke mei de Onkruidenier mooglike takomstsenario’s. It is bygelyks mooglik om op 15 july oan te sluten by in kuiertocht troch de natuer by Beetstersweach of om op 24 july mei op ekskurzje troch Ljouwert te gean.

De Onkruidenier (foto: Marc de Fotograaf)

De Onkruidenier (foto: Marc de Fotograaf)

Op 14 augustus wurdt de balâns opmakke: hokker fynsten binne opdien yn it langrinnende ûndersyk fan de Onkruidenier nei de ûneinige ferbûnens tusken swiet en sâlt yn ús lichem en yn it lânskip? Hokker iepen fragen bliuwe der oer? Bern kinne dy middeis driuwende rysikkers bouwe en har al dobberjend tariede op in sâlte en wiete takomst. Dielnimers hoege net oan alle aktiviteiten mei te dwaan.

Sjoch foar mear ynformaasje op de webside fan it Frysk Museum.

Oer de Onkruidenier
Swiet – Swit is it Fryske part fan Sweet – Sweat, in langrinnend ûndersyk fan de Onkruidenier nei de ûneinige ferbûnens tusken swiet en sâlt yn ús lichem en yn it lânskip. Mei in seespegel dy’t heger wurdt en in boaiem dy’t sakket, freget de Onkruidenier hoe’t wy ús dêrta ferhâlde kinne. Wylst wy yn Nederlân hieltyd it wetter behearskje mei slûzen, dammen en diken, en it wetterpeil systematysk yn ’e gaten hâlde, stelt de Onkruidenier in oar perspektyf foar: wat bart der as wy ús oan in feroarjend lânskip, dat hieltyd wieter en sâlter wurdt, oanpasse?

july 2, 2022 08:50 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.