Filmmakkers wolle film yn Frysk fan Sealterlân meitsje
Resint ferskynd

It produksjebedriuw Bremedia út Bremen wol in spylfilm meitsje yn it Frysk fan Sealterlân. Dat wurdt praat yn de gemeente Sealterlân, yn de Dútske dielsteat Nedersaksen. Daniel en Felix Giese binne de betinkers fan it skript. De film moat om 1900 hinne spylje, de tiid dat it isolearre Frysktalige gebiet troch de komst fan in spoarferbining kontakt mei de rest fan de wrâld kriget. Dêrtroch feroaret it libben fan de minsken yngeand.
Bremedia is in bekende namme yn Dútslân. It bedriuw is ûnder oaren de makker fan de plysjerige Tatort, dy’t yn Nederlân ek bekend is. Foar de Sealterfryske film wurde noch sponsors socht. Mei it sykjen fan akteurs binne de makkers al úteinset. De ferwachting is dat de haadrolspilers it Sealterfrysk foar harren rol noch leare moatte sille.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje