Fideo oer Sealterfryske taalorganisaasje Seelter Buund
Resint ferskynd
Ien fan de warberste organisaasjes foar de Fryske taal yn Dútslân is it Sealter Bûn, of yn it Frysk fan Sealterlân: Seelter Buund. Fan de likernôch 1500 sprekkers fan it Sealterfrysk binne sa’n 300 lid fan de organisaasje. Dy organisearret kulturele aktiviteiten, jout kursussen Frysk en stipet frijwilligers dy’t Fryske les jouwe op pjutteboartersplakken.
De organisaasje hat krekt in nij webstee: https://www.seelterbuund.de en stelt him yn de ûndersteande fideo oan de wrâld foar:
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje