Fearn Friezen: ‘Huzeprizen reden foar wikseljen baan’
Resint ferskynd
- Unicef warskôget: miljoenen bern yn gefaar troch wetterdrigingen 0
- Ien op de alve Friezen is skieden 1
- Fryske húseigner kin noch foardieliger ferduorsumje 0
- Dochter bewenner kibboets Frjentsjer kriget bysûndere tekening fan Histoarysk Sintrum Frjentsjer 0
- Belgyske plysje fynt stellen postpakketten werom 0
De hjoeddeiske hege huzeprizen binne yn Fryslân ek fan ynfloed op ’e arbeidsmerk. In fearn fan de Friezen jout oan dat se in rol spylje by it feroarjen fan wurkjouwer (25,3%). Dat en mear docht bliken út ûndersyk ûnder goed 1.500 Nederlanners, útfierd troch de Nationale Vacaturebank yn gearwurking mei Panel Inzicht.

Ofbylding: pixabay.com
Sels kânsen fergrutsje op ’e wenningmerk
In heger lean kin helpe om mear kâns op ’e arbeidsmerk te meitsjen. Lanlik sjoen binne salarisûnderhannelingen en it feroarjen fan wurkjouwer de wichtichste stappen dy’t wurkjende minsken foar in heger salaris nimme wolle.
Friezen hawwe lykwols opfallend faak hielendal neat foar in heger salaris oer (36,4% neffens 29% lanlik). As wurkjende minsken út de provinsje wol wat foar in heger moannelean dwaan wolle, dan wolle se benammen mei harren wurkjouwer ûnderhannelje.
Foar in heger salaris binne Friezen foaral ree om:
- Oer salaris te ûnderhanneljen (26,3%)
- In oplieding te folgjen (25,3%)
- Fan wurkjouwer te feroarjen (24,2%)
- Mear oeren te wurkjen (16,2%)
- Foar harsels te begjinnen (7,1%)
In protte noed oer it keapjen fan in hûs
De mearderheid fan de Nederlanners sit oer de hege huzeprizen (54,8%) yn. Benammen by froulju libbet dat: 61,6% fan harren jout oan dat se oer de hjoeddeiske wenningmerk bang te moede binne. Hast de helte fan de jonge Nederlanners jout oan dat se in hûs dat oan harren winsken foldocht net betelje kinne. Under 35-plussers giet it om ien fan de trije ûnderfrege minsken.
Mear ynformaasje oer it ûndersyk is hjir te lêzen.
Undersyksmetoade
Yn it ûndersyk is gebrûk makke fan ferskate boarnen. Sa binne bygelyks fia in enkête hast 1.500 Nederlanners befrege oer harren ûnderfiningen mei de wenningmerk en harren wurk. Om in regionale ferliking te meitsjen, is ek frege yn hokker provinsje de ûnderfrege minsken wenje en wurkje. Dêrnjonken binne data fan it CBS brûkt om it trochsneed (standerdisearre) ynkommen en de trochsneed ferkeappriis fan wenten te berekkenjen.
Salarisdata út fakatueren fan Nationale Vacaturebank binne oanfoljend yn ’e analyze meinommen, op basis fan 125.000 iepensteande fakatueren yn 2021. Dêr is by útgien fan de fakatueren dêr’t in moannelean yn opnommen wie.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje