ESA stjoert nije Vega-C-raket nei twa kear besykjen mei sukses de romte yn

july 14, 2022 08:56

De Europeeske romtefeartorganisaasje ESA hat woansdeitemiddei mei sukses syn nije Vega-C-raket lansearre. Oan board fan de draachraket binne sân wittenskiplike satelliten, dy’t yn in baan om ’e ierde brocht wurde sille. De nije Vega-C moat it weifallen fan de Russyske Sojoezraket kompensearje.

Vega-raket (foto: Wikipedia/ESA Events – CC BY-SA 2.0)

De lansearring wie ferskate kearen útsteld, mar om 15.13 oere (Nederlânske tiid) stige de raket dochs op fan de Europeeske lansearbasis yn Frâns-Guyana. By de foarige twa kear besykjen waard de lansearring by it ôftelproses stopset. ESA-baas Aschbacher seit tsjin parseburo DPA dat de suksesfolle lansearring “in enoarme ferromming” is.

De Vega-C is mei syn hichte fan 35 meter sa’n fiif meter langer as syn foargonger, de Vega út 2012. Dat model waard brûkt foar it lansearjen fan lytse oant middelgrutte satelliten en makke úteinlik tweintich flechten. De fernijde raket hat 800 kilo mear draachkrêft. Trochdat de raket swierdere ladingen de romte ynbringe kin, is er wichtich foar kommende missys fan ESA.

Italiaanske satellyt
Oan board fan de juster lansearre raket is in Italiaanske satellyt, de hast 300 kilo wagende LARES-2. Dy sil yn in baan om ’e ierde brocht wurde, dêr’t er it ferfoarmjen fan romte en tiid mjitte sil. ESA hopet mei it nije model konkurrearje te kinnen mei oare romtefeartorganisaasjes, lykas it kommersjele Amerikaanske SpaceX. Mei de Vega-C wol Europa boppedat ûnôfhinklik fan Russyske ynnovaasjes wurde. De Russyske Sojoez-raketten, dy’t earder in protte brûkt waarden om satelliten de romte yn te bringen, binne troch de oarloch yn Oekraïne gjin opsje mear foar ESA.

Oan it projekt wurken trettjin Europeeske lannen mei, wêrûnder ek Nederlân.

july 14, 2022 08:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.