Earste Ingelsktalige single de Hûnekop

july 13, 2022 09:00

De Hûnekop bringt fan ’e wike syn earste Ingelsktalige single út. Dy hjit ‘Wy kam fram Fryslân’. Dêr wol de band Fryslân mei op ’e wrâldkaart sette. It is de bedoeling dat as Friezen yn it bûtenlân binne, hja har as Fries yn stee fan as Nederlanner foarstelle. De band wol ek graach Friezen om utens in hert ûnder de riem stekke.

De Hûnekop (foto: Wikipedy/Sybrand – publyk domein)

Sjonger Eamel fan de Hûnekop hat der al mannich wrâldreis opsitten en as minsken him fregen: “Wêr doe joe kam fram?”, wie it antwurd earst faak: “The Netherlands, but in the north.” Mar hy kaam derefter dat it folle aardiger wie om gewoan Fryslân te sizzen. “Small country between Denmark and the Netherlands”. Dat smiet altyd aardige petearen op.

Mei de nije plaat wol Eamel Friezen graach oantrúnje om itselde te dwaan. Dêr kinne se dan by referearje oan de ynternasjonale hit fan de Hûnekop. De band fynt it ek moai foar Friezen dy’t nei lannen as Kanada of Amearika emigrearre binne om freonen, kunde en neiteam mei dizze plaat yn ’e kunde komme te litten mei de taal en kultuer fan it heitelân.

It nûmer sels is in oansteklik simmersk deuntsje útfierd troch de Hûnekop en Oele Plop op ’e piano. Al liet it stienkoale-Ingelsk fan Eamel te winskjen oer, it boadskip is lûd en dúdlik. It nûmer sil takom tongersdei 14 july online ferskine op alle sosjale media fan ’e Hûnekop, mei in fideoklip derby.

july 13, 2022 09:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.