Earste byld James Webb-romteteleskoop jout skerpe blik op hielal

july 12, 2022 08:29

Romtefeartorganisaasje NASA hat in earste kleureôfbylding sjen litten dy’t de nije James Webb-romteteleskoop fan de kosmos makke hat. It giet om it djipste ynsjoch yn it universum ea. Romtefeartorganisaasjes NASA, ESA en CSA publisearje letter noch mear bylden.

It byld toant in part fan de romte, noch tichter by it ûntstean fan it universum en de rânen fan de kosmos as ea waarnommen is. Nea earder seach de minskheid sa fier it hielal yn. Mei’t it byld fan fiere stjerrestelsels der miljarden jierren oer docht om de ierde te berikken, sjocht men op ’e foto it hielal sa’t it der relatyf koart nei it ûntstean útseach.

Op ’e foto steane op ’e foargrûn in stikmannich stjerren út ús eigen molkenpaadstelsel. Troch it lange opnimmen is dêrnjonken folle fierder te sjen, oant 13 miljard jier tebek yn ’e tiid. It stjerrestelselkluster op ’e foargrûn, SMACS 0723, is op de lang beljochte opname detaillearre skerp yn byld brocht. Te sjen is hoe’t it stjerrestelsel der 4,6 miljard jier lyn útseach.

Besjoch bylden fan NASA:

De Amerikaanske presidint Biden seach de ôfbylding as earste op in moeting yn it Wite Hûs. “It is in finster nei de skiednis fan ús hielal”, reagearre Biden, “en hjoed sjogge wy dêr in earste glim ljocht troch nei binnen ta skinen. Ljocht út oare wrâlden, fan stjerren fier by ús wei.”

Nei de earste foto’s wurdt de James Webb-teleskoop de kommende tiid foar it noch djippere opnimmen fan de romte brûkt. It plan is om in byld te krijen fan de oerknal, it ûntstean fan it hielal, sa’n 13,8 miljard jier lyn. Wittenskippers wolle ek mear sjen fan kosmyske objekten dy’t har tichter by de ierde befine. Fierder moat de James Webb sykje nei planeten dêr’t libben op mooglik is.

Opfolger Hubble
De James Webb-romteteleskoop koste tsien miljard dollar (9,93 miljard euro) om te bouwen. It is de grutste en krêftichste romteteleskoop ea. Hy waard as opfolger fan de ferneamde Hubble boud. Op Earste Krystdei ferline jier waard de James Webb lansearre fan in platfoarm yn Frânsk-Guyana yn Súd-Amearika. Nei likernôch in moanne berikte de teleskoop in ôfstân fan oardel miljoen kilometer fan de ierde ôf. Dêrnei waarden de ynstruminten krekt ôfsteld en de spegels útteard. Alle systemen waarden hifke en ûnderdielen waarden oan board ôfkuolle, ûnder mear troch in sinneskerm sa grut as in tennisfjild. De teleskoop bestiet út achttjin seishoekige spegels fan beryllium en in tin laachje goud, dy’t los faninoar bewege kinne om it byld sa skerp mooglik ôf te stellen.

Boarne: NASA

july 12, 2022 08:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.