Eardere gemeente Snits net aktyf behelle by ûnteigenjen Joadsk fêstgoed
Resint ferskynd
De eardere gemeente Snits hat yn ’e Twadde Wrâldoarloch net aktyf behelle west by it ûnteigenjen fan Joadsk fêstgoed. De gemeente spile nei 1945 gjin aktive rol by it rjochtmittich werombringen fan dat fêstgoed. Fierder is der gjin bewiis fûn dat de gemeente neiheffingen en boeten oplein hat oan Joadske fêstgoedeigners dy’t nei de oarloch nei Snits weromgiene.
Dat binne de konklúzjes fan it ûndersyk ‘Alles ferlern’, in ûndersyk nei it ûnteigenjen en rjochtmittich werombringen fan Joadsk fêstgoed yn ’e gemeente Snits, 1940-1954, dat Ruby de Vries dien hat as ôfsluting fan har masterstúdzje skiednis hjoed oan de Ryksuniversiteit Grins.
Doel fan it ûndersyk wie om ynsjoch te krijen yn ’e wize dêr’t it gemeentebestjoer fan Snits mei Joadsk fêstgoed op omgie yn en nei de Twadde Wrâldoarloch. Boargemaster Jannewietske de Vries: “Mei de besetting moasten in protte Joaden ûndergean hoe’t it fêstgoed dat sy besieten yn beslach nommen waard en troch de Dútske besetter trochferkocht waard. It is goed om te witten dat dêr yn Snits gjin sprake fan west hat.” Foar safier bekend wie der ek gjin ûnteigening fan Joadske partikuliere gebouwen en bedriuwsgebouwen yn de oare eardere gemeenten fan Súdwest-Fryslân.
Telefyzjeprogramma Pointer ûndersocht dy praktiken mei help fan nij digitalisearre fêstgoedboeken dy’t troch de Dútsers byholden waarden. Dy saneamde Verkaufsbücher biede ynsjoch yn de grutskalige ûnteigening fan Joadsk fêstgoed yn ’e Twadde Wrâldoarloch. Fan de goed 7.000 gebouwen en kavels dy’t yn ’e boeken steane, koe fan mear as 5.000 de lokaasje efterhelle wurde. Troch net-folsleine of ferkeard ynfierde gegevens en wizige strjitnammen slagge it net om alle huzen op ’e kaart te setten. Foar in protte Nederlânske gemeenten wie dat oanlieding om dat te ûndersykjen. Yn Snits gie it om 49 perselen dy’t oan Joaden tahearden en net allegear yn ’e Verkaufsbücher fermeld stean. It ûndersyk rjochte him op Joadske partikuliere gebouwen en bedriuwsgebouwen.
Ruby de Vries jout op 30 septimber 19.30 oere in presintaasje oer har ûndersyk yn kultuerhistoarysk sintrum De Tiid yn Boalsert. Oanmelde kin fia www.detiid.nl.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje