Doede Wiersma: Mynhear Dinges

july 10, 2022 07:00 Fernijd

Oertinking

Der binne minsken dy’t har in namme meitsje. Op ûnderskate plakken dêr’t ik wurke, haw ik minsken moete dy’t ynteger, wiis, oprjocht en opofferjend de mienskip tsjinnen. Dy bliuwe my yn ’t ûnthâld!

Boäz is sa’n man dy’t jin bybliuwt. Dy oare, dy’t neier yn ’e famylje is, net. Hy kriget yn it ferhaal net iens in namme. Boäz ropt him oan mei: “Jo dêr, kom dizze kant ris út.” Oare oersettingen hawwe: Hé Dinges! Krektlyk as Orpa is mynhear Dinges net ferplichte om wat te dwaan. Sa foar it each hawwe se ek noch grut gelyk (4:6).

Ellen van Wolde skriuwt yn har boek Ruth en Naomi (1993): “Dizze twa, Dinges en Orpa, lykje wol wat opinoar, yn safier’t beide ôfsjogge fan in ûndernimming dy’t in soad ynspanning en ûnwissichheid meibringt en yn safier’t se kieze foar wat normaal sprutsen ‘de ferstannige wei’ hjit. Se binne minder út op ‘jaan’ as op ‘krijen’ en it resultaat is dat se net folle bedije.”

Oer Orpa en Dinges hearre wy letter neat mear.
Boäz docht mear as de letter fan ’e wet freget. Dy letter fan ’e wet wie doe al (3000 jier lyn!) rjochte op it by de famylje hâlden fan de boarne fan it bestean, de kavel lân. De famylje hie it foarkarsrjocht fan keap. Tagelyk regele dy wet dat de namme fan de ferstoarne oan ’e grûn ferbûn bleau. Yn dat leviraats- of sweagerhoulik troude de broer mei de widdo fan syn ferstoarne broer. Wat Boäz docht giet dus folle fierder as de letter fan ’e wet.

It doel fan it ferhaal is net dat wy sokke wetten oerhevelje nei ús tiid. Wol liket it my wichtich dat wy de hertstocht efter dy wetten nei ús tiid ta oerbringe. Dy hertstocht is: struktuerele oplossingen sykje foar minsken dy’t sels gjin ynkommen (mear) hawwe.

Lêze: Ruth 4:1-12

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan € 19,50. (boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)
july 10, 2022 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.