Doede Wiersma: De Tsien Wurden net mear fan dizze tiid?

july 17, 2022 07:00 Fernijd

Oertinking

Maarten ’t Hart skreau yn ’e Ljouwerter krante fan 30 septimber 2000 dat de Tsien Wurden net mear fan dizze tiid binne. Is dat sa? Begin sechtiger jierren lies ik dat Hitler sein hie: “Fuort mei de tafels fan ’e Sinaï!” Dy útspraak makke by my de belangstelling foar dy Tsien Wurden wekker. Ommers, de gefolgen fan it ‘fuort dêrmei’ wiene yn Hitler-Dútslân wol hiel dúdlik. Yn in tige djipgeande tekst hat Bonhoeffer beskreaun hoe’t yn ’e tiid fan Hitler (1933-’45) libbe is yn striid mei alle tsien geboaden.

  1. Der is te min tsjûge dat mar ien God alle eare takomt, oars wie Hitler net as God fereare.
  2. De hakekrúsflagge stie neist it doopfont en waard ‘byld fan God’.
  3. Under de dekmantel fan Kristus is ûnrjocht dien (de moard op Joaden; eutanasy fan handikapten; oarlochsmisdieden.)
  4. De rêstdei is ferlern gien, mei om’t de oarlochsyndustry op snein trochgong.
  5. It gesach fan âlden is ûndermine (Hitlerjugend).
  6. Der is op grutte skaal moarde; de swakste en meast warleaze broers en susters fan Kristus binne ombrocht.
  7. Trou én leafde yn it houlik waard leechachte en yn it seksuele gongen alle remmen los.
  8. De sterksten hawwe har troch korrupsje ferrike en de earmen, ek de Joaden, binne bestellen en útrûpele.
  9. Troch kwealaster en ferklikken waarden ûnskuldigen de dupe.
  10. De begearte fan minsken waard net oan bannen lein, mar krige frij spul.
    (Ethik, Dietrich Bonhoeffer Werke 6, side 129-131).

Hoe kin immen tsjin sa’n eftergrûn noch beweare dat de Tsien Wurden net aktueel binne? Se binne it fûnemint fan en de oantrún ta humaniteit, de siel fan de mienskip.

As wy yn ús tiid op it plak fan de nazy-ideology ‘materialisme’ sette, lit dat ‘materialisme’ ús dan net sûndigje tsjin alle Tsien Wurden?

Lêze: Psalm 119: 9-16

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan € 19,50. (boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)
july 17, 2022 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.