De frije siel

july 11, 2022 09:36

Ynstjoerd

In pear dagen lyn hearde ik in fûgeltsje fleurich sjongen. Doe tocht ik: “Soesto sa bliid tsjotterje, ast wist datst der oer in pear jier net mear bist?” No, dat hat in lyts fûgeltsje as foardiel boppe in minske: it kin him net foarstelle: “Meikoarten bin ik âld en âlde fûgeltsjes geane dea.”

Gelokkich hawwe yn ‘e rin fan de skiednis guon minsken troch iepenbieringen of oars leard, dat wy in siel hawwe, dy’t foar altyd libje kin. Mar dan moat men jin gedrage! En dêr ûntspoart de trein. Guon minsken begjinne har dan krampeftich oan strange regels te hâlden, dy’t foar harsels en foar oaren de freugde wer weinimme. En noch slimmer: út eangst om it goede paad te ferliezen, begjinne guon te fjochtsjen tsjin dyjingen dy’t oars tinke, wat liedt ta ferskriklike oarloggen. En dan binne der altyd noch hearskers dy’t har macht bouwe op in religy.

Dat liket net al te goed, dus it is gjin wûnder dat guon wittenskippers graach bewize, dat der net sa’n ding as in siel is. Oare minsken hawwe dat al foar harsels besletten en begjinne in los libben te lieden, om safolle mooglik fan harren koarte libben te profitearjen. En sa bedarje se as drugsferslaafden yn ‘e goatte of komme se yn kapitalistyske machtsspultsjes telâne.

Mar der is in oare manier. Nim feilich oan dat net bewiisd wurde kin oft sa’n ding as in siel bestiet of net. Fertrou gewoan dat alles goed komt. Dan kinne wy sûnder soargen trochgean mei huppeljen en sjongen lykas dy fleurige fûgels.

Pyt Kramer

 

 

july 11, 2022 09:36
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.