De Baren en Boarje yn Hout

july 26, 2022 09:56

De heechste fan de trije terpen yn it hert fan Ljouwert is de thúshaven fan it art project De Baren. Under it festival Arcadia wurdt letterlik en figuerlijk troch bewenners, keunstners en wittenskippers yn it ferline fan de Nijehoveterp groeven.

Op 28, 29 en 30 july nimme Paul Borghaerts en Henk Oly it publyk mei om ynsjoch te krijen yn de bou- en bewenningsskiednis fan sân iuwenâlde wenhuzen op de top fan de terp.

Borghaerts wit mei houtboarringen de âldens fan de huzen fêst te stellen, wêr’t de beammen weikamen dy’t by de bou brûkt binne en wannear’t de timmerman it hout ferwurke hat.

Oly bout oan in stambeam fan de huzen mei help fan histoaryske boarnen lykas belestingregisters en keapakten. Hy wit út te finen wa’t de opdrachtjouwers en bewenners wiene en hokker rol dy yn de mienskip spilen.

Yn de Waalske tsjerke, Gruttsjerkstrjitte 222 kin it publyk de syktocht meimeitsje, dy’t op 28, 29 en 30 july, fan 11.00 oant 17.00 oere, frij tagonklik is.

Op www.debaren.nl. is mear ynformaasje te finen.

july 26, 2022 09:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.