Britske iikhoarntsjes moatte oan ’e pil

july 13, 2022 08:34

Britske grize iikhoarntsjes moatte meikoarten oan ’e antykonsepsje. Miljeubeskermers riede fjildtesten ta om de ynvasive bistkes ûnfruchtber te meitsjen mei hazzenútpasta yn foerhúskes.

Foto: pixabay.com

Grize iikhoarntsjes waarden yn ’e 19e iuw út de Feriene Steaten wei yn Grut-Brittannië yntrodusearre troch lâneigners dy’t de bistkes skattich yn harren tunen fûnen. Se blieken lykwols tige skealik foar de omjouwing te wêzen. Se binne grutter en sterker as it ynlânske reade iikhoarntsje, sadat dy fariant ferdreaun wurdt. Boppedat draacht de grize soarte sykten oer dêr’t se sels ymmún foar binne. Underwilens binne der tsien kear mear grize iikhoarntsjes as reade: sa’n trije miljoen tsjin noch gjin 300.000.

Se rjochtsje skea oan yn bosken trochdat se de bast fan jonge beammen helje om by it fiedsume beamsop te kommen. Nije oanwaaks oerlibbet dat faak net. Alle jierren feroarsaakje de bistkes likernôch 45 miljoen euro oan skea. Yn it ferline is al besocht om de bisten ôf te sjitten, mar ôfsjoen fan it bisteleed is dat yneffisjint en djoer, mei santich euro it bist. Dêrom wurket it gearwurkingsferbân Squirrel Alert UK oan in antykonsepsjeplan.

Troch op foerpunten fiedsel oan te bieden mei stoffen dy’t de hormoanhúshâlding fan de bisten ûntregelje, kinne se ûnfruchtber makke wurde. De ûndersikers hawwe ûnderwilens in metoade ûntwikkele dy’t it reade iikhoarntsje mijt: doarkes dy’t inkeld de swierdere grize soarte iepenje kin, mar ticht bliuwe foar de beskerme reade eksimplaren. Ut fjildtesten mei de húskes, dêr’t noch gjin antykonsepsje by brûkt waard, waard dúdlik dat sa allinnich de grize iikhoarntsjes rekke wurde. By in proefopstelling kaam yn fjouwer dagen tiid santich persint fan de pleatslike iikhoarntsjes del, wylst fierder allinnich twa tige ûndernimmende mûzen by de hazzenútpasta wisten te kommen.

Trochdat de iikhoarntsjes it antykonsepsjemiddel yn it liif ôfbrekke, bestiet der amper kâns dat jagers (bisten of minsken) sels ûnfruchtber wurde as se iikhoarntsjefleis ite. Om misferstannen foar te kommen is it de bedoeling dat der warskôgingen by foerpunten komme en de pasta in foar minsken fize smaak kriget. Squirrel Alert UK wol meikoarten in folweardich proefprojekt opsette. Yn twa jier tiid moat it antykonsepsjeprogramma foar de bistkes dan nasjonaal útrôle wurde kinne.

july 13, 2022 08:34
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.