Bouwe de Boer: Sinnekrêft by de alve stêden lâns

july 2, 2022 08:00

Kollum

De Fryske sinneboatrace is in projekt dêr’t learlingen yn de wykeinen en jûns foar op skoalle trochwurkje wolle om kampioen te wurden. Dêr wurdt de basis lein foar it kiezen foar technyk. En dat is wol nedich mei de grutte krapte oan technisy. Dêr wurdt yn Fryslân dus oan wurke. Al sûnt 2006.

Sneon 25 juny wie wer de finish fan de sinneboatrace by de alve stêden lâns, no ek mei de Young Solarklasse. Hast fyftich boaten strieden yn de race om de ear de fluchste te wêzen yn in fjild fan trije ferskillende klassen.

Young Solar klasse juny 2022

Dy race ûntstie yn 2006 yn Fryslân mei achttjin boaten út ferskillende lannen. It wie in race tusken hegeskoallen en universiteiten. Tsjintwurdich leit it swiertepunt yn de klasse fan de Young Solar. De dielnimmers komme foaral fan de technasia út hiel Nederland.

Boupakket Young Solar
De organisaasje fan dy klasse hat mei Fryske bedriuwen in boupakket foar learlingen fan 14 oant 17 jier ûntwikkele om sels in sinneboat te bouwen. Dat slacht geweldich oan! Op de skoallen wurde teams fan meastal tsien learlingen foarme. Under begelieding fan in dosint bouwe se de boat hielendal sels. It ynskriuwjild moatte se harsels mei rêde. Sponsors sykje is nedich en al gau fynt in team op skoalle in goede taakferdieling. De elektroanisy, de bouwers fan it kasko en it skilderteam realisearje de kleuren fan de sponsor, mar de kommunikaasje moat ek yn oarder.
It team dat de race wint hat dus alles it bêst foarinoar. De teorytoets is ek in spannend ûnderdiel… foar elke flater krije se tsien strafminuten.

Familiegevoel
Fan ’t jier giene de selsboude boatsjes yn fiif dagen by de alve stêden lâns. En dat mei in faasje  fan tusken de 15 en 20 km yn ’e oere. Mei-inoar fjouwer kear op in camping oernachtsje jout de dielnimmers it sinneboate-famyljegefoel – foar ivich!

Oer in jier of wat kieze de measten foar in technyske oplieding of begjinne se mei in eigen technysk bedriuw. De flugge boaten fan de universiteiten, dat is harren folgjende dream.
Wiene der mar mear as alve stêden yn Fryslân, sjoch ik harren tinken!

Reaksjes: bouwe@freonen.nl

Dit is nûmer 66 yn de rige Fryslân – Skjinnerlân
Bouwe de Boer wennet yn Akkrum en is projektlieder fan Freonen fan FossylFrij Fryslân – Skjinnerlân.
july 2, 2022 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.