‘Bonke fan âldste Europeaan fûn’

july 11, 2022 08:37

Atapuerca (foto: Wikipedia/Mario Modesto Mata – CC BY-SA 3.0)

Spaanske archeologen tinke it âldste fragmint ea fan in Europeeske minskeftige fûn te hawwen. It lytse stikje bonke, parten fan in boppekaak en jokbonke, is mooglik 1,4 miljoen jier âld, al moat fierder ûndersyk dat noch befêstigje.

De bonke waard ein juny yn de kalkstiengrotten fan Atapuerca yn Noard-Spanje fûn. Archeologen dogge dêr al in iuw ûndersyk nei de ierste bewenners fan ús kontinint. Yn de rin fan de jierren waarden der tûzenen bonkefragminten fan tsientallen oerminsken fûn. De opgraving stiet dêrom ek op ’e Wrâlderfgoedlist fan Unesco.

It âldste fragmint dat oant not ta oantroffen waard, is fan in net-identifisearre minskeftige dy’t 1,2 miljoen jier lyn libbe. Mei’t de bonke dy’t no fûn is yn in ierdlaach ûnder dy fan de eardere fynst lei, geane de ûndersikers derfan út dat it fragmint âlder is. It sil noch in oantal moanne duorje om dat te befêstigjen.

De archeologen neame de fynst ferrassend en útsûnderlik. Neffens harren kin it fragmint mear ynsjoch jaan yn de evolúsje fan de minske en de allerearste bewenners fan Europa.

july 11, 2022 08:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.