BolwurkFestival Frjentsjer: muzyk op it wetter

july 2, 2022 13:32

Strykkwartet Regina Forte

Sneintemiddei 10 july is der yn Frjentsjer in middei lang muzyk op it wetter. Oan de Turfkade foar de Stedsherberch oer spylje fan in pream ôf fjouwer klassike ensembles muzyk fan Bach oant Beatles.

Frjentsjer hâldt fan muzyk. Dat die ek yn oktober 2019 bliken mei in tige slagge KeamermuzykFestival. Troch de koroanapandemy en in bestjoerswiksel hat dêr noch gjin twadde edysje fan west. Ald-foarsitter Rolf Bremmer: “It sukses fan it KamermuziekFestival en it wachtsjen op wer sa’n festval brocht in útdaging mei: wat te dwaan yn de tuskentiid?”

Sa ûntstie it idee om wat mei muzyk en wetter te dwaan. Dat waard foarlein oan de organisaasje fan de Akademyske Dagen (8 oant 10 july), dy ‘t entousiast reagearre. Stedsherbergier Eelco Bootsma woe graach meidwaan, Skipswerf Talsma stelde fuortendaliks belangeleas in pream beskikber en de gemeente Waadhoeke wurke flot mei. De muzikanten, as lêste, dy like it fantastysk.

Programma
Fan 13.00 oant 17.30 oere spylje fjouwer ensembles. It Fryske strykwartet Regina Forte jout de ôftraap. Fjouwer entûsjaste jonge froulju mei in soad ûnderfining. Al mear as 100 konserten hawwe se efter de rêch, soms as begelieders fan sjongers as Gerrit Breteler, Wiebe Kaspers en Willke Alberti. As twadde spilet it duo Anna Marieke Zijlstra (hobo) en Marloes van Stormbroek (dwersfluit ). De Harnzer Anna Marieke learde Marloes kennen yn Leien, dêr ‘t se beide studearren. Mar beide studearren ek oan it Koninklijk Conservatorium yn De Haach. Mei flagge en wimpel studearren se yn beide rjochtingen ôf. Se wiene beide ek al ris te hearren by CityProms.

Risata spilet as tredde. It is in jong, entûsjast en alsidich strykkwartet, fuortkommen út it Frysk Jeugd Orkest. No is it benammen aktyf yn de Rânestêd. Neist klassike muzyk weaget it him har graach oan oare sjenres, lykas jazz, pop en klezmer. It Da Capo Klarinetkwartet slút it festival ôf. Sûnt 2010 spilet dat geregeld yn Fryslân, ûnder mear by CityProms en Noardewyn. It repertoire is tige breed, fan klassyk oant filmmuzyk en alles wat dêr tuskenyn sit.

Mei-inoar besoargje de fjouwer ensembles Frjentsjer in prachtige middei oan it wetter. De tagong is fergees.

Mear oer de Akademyske Dagen: https://www.franeker.frl/academische-dagen/
july 2, 2022 13:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.