Berneboargemaster lansearret argyfwebside foar basisskoallelearlingen

july 10, 2022 08:48

‘Tiidreis troch Súdwest-Fryslân’

De berneboargemaster fan de gemeente Súdwest-Fryslân starte op woansdei 6 july mei in druk op ’e knop in webside dêr’t bern mear op leare kinne oer de skiednis fan de gemeente. De side mei de titel ’Tiidreis troch Súdwest-Fryslân’ is ûntwikkele troch skiednisstudinte Ruby de Vries yn it ramt fan har masterstaazje.

Foto: Gemeente Súdwest-Fryslân

De lansearring wie op de basisskoalle fan berneboargemaster Jan Eise Kruithof yn Drylts ûnder tasjend each fan syn klassegenoatsjes. Wethâlder Petra van den Akker lei de klasse de wearde fan in gemeente-argyf út en wêrom’t it sa wichtich is om beskate ynformaasje te bewarjen.

“As gemeente wolle wy ferhalen oer ús skiednis fertelle. Dy ferhalen wolle wy sa tagonklik mooglik meitsje foar elkenien, ek foar bern. Digitalisearring helpt dêrby”, jout wethâlder Petra van den Akker oan. Tegearre mei de gemeentlike argivaris liet se de bern in argyfstik sjen fan harren eigen basisskoalle en fertelde se oer it fysike gemeente-argyf dat goed opburgen is yn De Tiid yn Boalsert. “Doel fan de nije webside is om basisskoallelearlingen út de groepen 7 en 8 op in leechdrompelige wize yn ’e kunde komme te litten mei de rike histoarje fan de gemeente”, seit Van den Akker.

De webside www.detiid.nl/tiidreizen befettet ynformaasje oer de lette midsiuwen oant en mei de tweintichste iuw, dy’t fia in tagongspoarte te berikken is. Efter alle poarten is ynformaasje oer it bestjoer, de mienskip, gebouwen en foarwerpen te finen. Se befetsje ek in kwis foar de basisskoallelearlingen.

july 10, 2022 08:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.