Bakjerinners en strjitmuzikanten
Resint ferskynd
De tiid dat nuveraardich folk by de dyk oantroffen waard, leit fier efter ús. De figueren dy’t wat nuver of net sa snoad wiene of dy’t in lichaamlik brek hiene, sadat se op ien as oare manier tekene wiene, binne út it strjitbyld ferdwûn. No kinne sokke lju terjochte yn goede ynrjochtingen, dêr’t se omtinken krije.
Yn de súdeasthoeke fan Fryslân wiene hiel wat fan dat soarte lju; minsken dêr’t doedestiids faak de gek mei stutsen waard. Yn it begjin fan tweintichste iuw wie der bygelyks Iebeltsje Kont, in frou dy’t der in protte katten op neihold mei keninklike nammen as Wilhelmina en Emma. Har bynamme ‘kont’ hie se krige troch har heit. Dy rûn yn in broek dy’t withoe faak oplape wie. De lju seine dan: “Ate hat ek wer in nije kont yn ’e broek.” Iebeltsje sutele mei winkelguod yn in âld bernewein en har katten rûnen mei.
De oanlieding fan de bynammen wie net altiten te efterheljen, bygelyks dy fan Paulus Jakje. It soe kinne dat er in nuver jaske oan hie. Hy gie de streek del mei syn harmoanika om wat te fertsjinjen. Syn klanten koe er wol goed; as er by de dominy kaam, spile er ‘Er ruist langs de wolken’ en by lju dy’t de reade kant it neist wiene ‘De Ynternasjonale’.
De bekendste strjitsjonger wie Jan de Roas. Foaral yn Fryslân en Grinslân wie er ferneamd. Hy wie berne op 23 novimber 1896 yn Oerterp. Yn Bedum learde er syn frou Siebrigje kennen. Hy wurke dêr by in boer dêr’t Siebrigje tsjinstfaam wie. Nei in pear jier rekke Siebrigje swier. Wa’t de oansetter wie, koene se net efterhelje. Om’t Jan mei har ûnder ien dak libbe, krige dy de skuld. Hy is doe mar mei har troud omdat er gjin drokte ha woe.
Yn de tritiger jierren wurke Jan yn de wurkferskaffing en yn dy snuorje begûn er ek te sjongen. De oare arbeiders hiene der de gek mei en seine dat er prachtich sjonge koe. Jan, goed fan betrouwen, leaude dat. Hy hie ek in foardracht op syn repertoire, in saneamde hynstedûns. Dan sprong er nei foaren en nei efteren en dan waard er troch de oare arbeiders krekt salang ophise oant er fan útputting yninoar sakke. Dêr moatte syn ferstanlike fermogens in flinke klap fan krige hawwe.

Jan de Roos
Yn de krisisjierren begûn Jan foar jild te sjongen. Foaral syn lange úthalen diene it goed by it publyk. Bytiden gie er salang troch dat er blau oanrûn. Mar syn sjongkarriêre begûn pas goed neidat er nei Grinslân ferhûze. Yn dy tiid begûn er dermei om syn jas op te toaien mei medaljes fan reklames, sels in sertifikaat fan in dekbokferiening pronke op syn boarst. Hy hie in lange flipjas oan. As er dan ûnder it sjongen fier efteroerhong, giene kweajonges wolris op de punt fan syn jas stean en koe er net wer oerein komme. As him dat dan op ’t lêst wol slagge wie, fleach er mei syn kuierstôk driigjend efter dy skarlunen oan, dêr’t it publyk dan wer in soad wille om hie. Hy hat ris by Willem Duys yn it telefyzjeprogramma ‘Voor de Vuist weg’ west. Dat wie gjin sukses. It sjongen woe net en in echt petear kaam der ek net út, mar hy hat noch wol troch Duys in pear spjeldsjes op syn flipjas spjelde krige. Op it blommekorso fan Eelde hat er alris op in wein yn de optocht sitten mei de tekst ‘De roos van Groningen’.
Yn 1975 is Jan de Roos mei sjongen opholden. Syn sûnens waard der net better op en op 13 desimber 1979 is er ferstoarn. Hy wie doe 83 jier. Hy is begroeven op it tsjerkhôf yn Oerterp.
Jangerben
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje