Badgasten yn Zandvoort triuwe walfisk tebek de see yn
Resint ferskynd
Yn Zandvoort hawwe badgasten tiisdei in spitssnútdolfyn holpen om de see wer yn te kommen. It bist, eins in walfisksoarte, spielde hast op it strân oan. “Wat dat oangiet wie it in gelok dat it sa drok wie”, seit in wurdfierder fan helporganisaasje SOS Dolfijn.

Spitssnútdolfyn (foto: Wikipedia/NOAA Photo Library – publyk domein)
“It sil net maklik west ha om it bist tebek te triuwen. Folwoeksen spitssnútdolfinen binne om de 4,5 meter lang en wage in pear ton”, seit wurdfierder Annemarie van den Berg by NH Nieuws. Der binne tiisdei yn elts gefal twa spitssnútdolfinen foar de kust sjoen en faaks wol mear. Van den Berg hat noed oer de bisten. “It is ferûntrêstend. It binne echte djipseebisten. Dy witte yn de Noardsee net goed te oerlibjen.”
SOS Dolfijn is mei de KNRM en de rêdingsbrigade mei in grutte aksje dwaande om de bisten te rêden. Earst wurde se lokalisearre en dan farre boaten tusken de walfisken en de kust yn om foar te kommen dat se nochris yn de rjochting fan de kust swimme.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje