As se my freegje soenen…
Resint ferskynd
As se my freegje soenen…
Ja, dan wist ik it wol.
Dom, mar se freegje my net.
It is sa: wy ha in regear dat net regearje kin.
Us folksferstjinwurdigers stelle fêst dat der in probleem is.
Se betinke – soms – in oplossing.
Dogge se dêr wat mei, dan krije se protesten oer harren hinne.
Dogge se neat, dan wurdt it in janboel.
Nim no it stikstofprobleem.
Wol ha we yn frou Van der Wal no lang om let in minister dy’t de poat (of kinst dat net sizze fan in frou?) stiif hâldt, har der net foarwei wynt, mar oft se it oprêdt?
It is hie ienfâldich.
Wy ha te folle boeren. *)
Wy ha te min leararen.
Set se foar de klasse, de oertallige boeren, en der binne twa problemen oplost.
Boppedat is der in net ûnbelangryk by-effekt. Us jeugd is nochal balstjurrich – dat hat altyd al sa west, mar hjoed-de-dei moat it noch slimmer wêze as foarhinne. De boeren wend oan balstjurrich fee witte dêr wol ried mei. Efkes mei de gripe prippe yn it sêfte part fan de rêch en it folkje wol mar wat graach omlyk. Soks meie ús leararen net, prippe mei de gripe, mar de boeren mije in bytsje geweld net.
Tja, as se my freegje soenen…
Mar se freegje my net.
Inger Wets
*) Oft dat wier is, dêr bin ik perfoarst net wis fan. Yn alle gefallen binne se net de iennigen dy’t foar de ellinde soargje. Oare sektoren drage likegoed by oan te folle stikstof.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje