Arranzjemint oangeande Jeanne Bieruma Oosting

july 4, 2022 08:31 Fernijd

Moandei 18 july 2022 yn Museum Belvédère en Beetstersweach, mei meiwurking fan Jolande Withuis

Jeanne Bieruma Oosting ‘Liggend naakt’ 1936, kolleksje fam. Van der Molen-Christmann, (boarne: Museum Belvédère)

Fan ’t simmer stiet it mearsidich oeuvre van Jeanne Bieruma Oosting (1898-1994) yn ferskate eksposysjes yn Nederlân sintraal. Museum Belvédère biedt yn it teken fan De simmer fan Jeanne op 18 july in unyk arranzjemint oan. Dat bart op twa wichtige lokaasjes út de jeugd fan de keunstneres: Oranjewâld en Beetstersweach. Har aadlike komôf leit yn Fryslân en hoewol’t se har earne oars fêstige, kaam se noch faak werom.

Eksposysje Jeanne Bieruma Oosting (foto: Museum Belvédère)

Jolande Withuis (boarne: Museum Belvédère)

De moarns is yn Museum Belvédère in koarte lêzing fan biografe Jolande Withuis. Hja skreau yn 2021 Geen tijd verliezen oer it libben fan Jeanne Bieruma Oosting. By it oanslutende fraachpetear mei de auteur skoot de gearstaller fan de eksposysje en auteur fan de katalogus Stoeien met de muzen Susan van den Berg ek oan. Der is gelegenheid om fragen te stellen, de biografy en katalogus te keapjen en dy sinjearje te litten. Nei in besite oan de útstalling wurdt in middeismiel yn it museumkafee optsjinne. De plat du jour – mei Fryske en Frânske lekkernijen – sil yn it teken stean fan de ‘Frieçaise’ Jeanne, in beneaming dy’t se foar harsels keas.

Nei it wiidweidige middeisiten rydt elkenien mei eigen ferfier nei Beetstersweach, wat fan Museum Belvédère ôf sa’n tweintich minuten yn beslach nimt. Nei in ferkrisking yn de Tropyske Kas, yn it hert fan de Oertún, wurdt de bûtenútstalling oer Jeanne Bieruma Oosting besite ûnder begelieding fan rûnlieders fan Stichting Histoarysk Beetstersweach.

De dei wurdt ôfsletten yn it Lycklamahûs, op twa minuten rinôfstân fan de Tropyske Kas. Dêr útfanhuze de keunsteneres gauris. Ut it gasteboek wurde in stikmannich anekdoaten foarlêzen út de tiid dat se dêr kaam. Sjoch op de webside foar it folsleine programma.

It simmerske Jeanne Bieruma Oosting-arranzjemint wurdt yn twa opsjes en mei fjouwer prizen oanbean: museumkaarthâlders/freonen Museum Belvédère en regulier. Kaarten binne hjir te keap.

july 4, 2022 08:31 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.