Arnisa Zeqo nije direkteur Keunsthûs SYB

july 17, 2022 08:41 Fernijd

Arnisa Zeqo (boarne: Keunsthûs SYB)

It bestjoer fan Keunsthûs SYB yn Beetstersweach lit witte dat Arnisa Zeqo op 1 july 2022 as direkteur oansteld is.

Arnisa Zeqo is kurator, skriuwer en edukator, fêstige yn Amsterdam. Hja is mei-ferantwurdlik foar rongwrong, romte foar keunst en teory yn Amsterdam. Hja hat krekt in residinsjeperioade ôfrûne oan de Ryksakademy, dêr’t har wichtichste ûndersykstema de relaasje tusken útfiering, konseptuele keunst en ‘printed matter’ yn de keunstekology fan Amsterdam yn de tachtiger en njoggentiger jierren wie.

Frou Zeqo hat romme ûnderfining yn it Nederlânske keunstûnderwiis en hat as learaar ferbûn west oan de Dutch Art Institute (DAI) en de Wurkpleats Typografy (ArtEZ) en it Piet Zwart Institute MFA (WdKA). Ynternasjonaal hat sy ferbûn west oan de American Academy yn Rome, Center for Curatorial Studies Bard College. Hja wie ferantwurdlik foar de edukative programma’s fan Documenta 14 yn Kassel en Athene. Har wurk is ynbêde yn artistike praktiken dy’t te krijen hawwe mei útfiering, fiksje en ferhalen oer keunst en edukaasje.

july 17, 2022 08:41 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.