Apepokken neffens WHO reden foar needstân
Resint ferskynd
- Britten lilk oer omseagjen ferneamde ‘Robin Hood-beam’ 0
- Jier ekstra wissichheid foar 36 Fryske kulturele ynstellingen 0
- Nije dichtbondel fan Elske Kampen: ‘Net fiksearre hûs’ 0
- Provinsje stipet sjonger Joost Klein om nei Eurofyzje Sjongfestival 0
- Kinke Kooi wint provinsjale Gerrit Bennerpriis 2023 0
In nije goarre giet om en bringt leed en lijen oer de wrâld. It giet om de apepokken, in krupsje dy’t pokken op ‘e hûd tekenet en dy’t de lijer it libben kostje kin. De wrâldwide organisaasje foar de sûnens WHO is fan betinken dat it earmelijen wilens sa grut is dat der sprake is fan in needstân.
Sa’n needstân hat der oant no ta sân kear west. De foarige kear wie yn 2020. Doe wie it om it koroanafirus te rêden. Eardere slimme giben dy’t sa’n needstân bewurke hawwe, binne de ebolasykte en it sikafirus.
Net alle saakkundigen yn ‘e WHO koenen it diskear mei it ferkundigjen fan ‘e needstân lykfine. De WHO hat in rie fan fyftjin ljuwe dy’t oer soksoarte saken kedize. Njoggen fan harren stimden foar, mar seis wiene derop tsjin.
Op it stuit binne fiif minsken mei de apepokken hinnegien. Sechtjin tûzen minsken hawwe it firus skipe. De sykte komt oant no ta suver inkeld mar by manlju foar en dan benammen by homoseksuele manlju mei skiere knibbels. Sil de goarre útwoedzje, dan moat der yn it bysûnder foar dy minsken wat betocht wurde, sa docht de WHO te witten. Yn ferskate lannen krije hja al in prip dy’t harren ymmún foar it apepokkefirus makket. Yn Nederlân kin men fan moandei ôf yn Amsterdam en De Haach teplak foar in prip. Goed tritich tûzen manlju dy’t in heech risiko op in besmetting mei de apepokken rinne, binne útnûge woarn om sa’n prip te heljen. Op ‘t heden hawwe goed sânhûndert minsken yn Nederlân de sykte ûnder de lea. Hja wenje foar it grutste part yn de Rânestêd.
Hoewol’t de apepokken no in wrâldwide goarre foarmje, is de sykte net nij. Yn de jierren santich gie er al om yn Afrika.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje