22 july populêrste troudei fan 2022

july 22, 2022 08:34 Fernijd

De drokste troudei fan it jier komt deroan: op freed 22 july jouwe dit jier de measte breidspearen inoar it jawurd. De troudei is goed trije kear sa populêr as in trochsneed freed yn 2022, dy’t dochs al in populêre troudei is. Dat konkludearret ThePerfectWedding.nl út eigen troudata op basis fan goed 15.000 brulloften.

Foto: pixabay.com

Dat de datum op in freed yn it trouseizoen falt, is net de iennige ferklearring foar syn populariteit. 22 july is dit jier nammentlik ek hast twa kear sa populêr as in trochsneed freed yn it boaskseizoen, dat rint fan april oant en mei septimber (+86,7%).

Sarah Glasbergen fan ThePerfectWedding.nl jout in mooglike ferklearring: “Wy fernimme dat breidspearen yn 2022 faker kieze foar boaskjen op de 22e fan de moanne. Yn febrewaris en april wie dy dei ek yn trek. Ik tink dat dy datum yn july ekstra populêr is omdat er diskear op in freed falt. In ekstra plusput foar breidspearen is dat middenyn de simmer de kâns op sierlik waar fansels grutter is.”

Hieltyd mear ‘bysûndere dagen’ keazen sûnt 00’s
Sûnt de iuwwiksel binne ‘bysûndere’ datums tige yn trek, bygelyks as der dûbele getallen yn sitte lykas 01-01-2022 en 02-02-2002 (de troudei fan Kening Willem-Alexander en Keninginne Máxima). Fan 2002 ôf naam de populariteit fan brulloften op sa’n datum sawat alle jierren ta.

Benammen tusken 2005 en 2012 wiene sokke datums tige yn trek, mei as útsjitter 08-08-2008. Dat wie nammentlik de populêrste troudei fan de ôfrûne 25 jier. Inkeld 10-10-2010 wie net sa populêr, want dat wie in snein.

july 22, 2022 08:34 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.