Ynternasjonaal omtinken foar Fryske mienskipsmetoade by Culture Up

juny 19, 2022 08:35

Fan 19 oant en mei 23 juny 2022 komme meiwurkers fan kulturele ynstellingen en kultueramtners út plattelânsgebieten yn Denemarken, Ierlân, Servië en Finlân nei Fryslân om troch provinsje Fryslân, Keunstwurk en Arcadia ynwijd te wurden yn de mienskipsmetoade.

Meiwurkers fan provinsje Fryslân, Keunstwurk en Arcadia binne oan harren ynternasjonale kollega’s keppele yn it EU-projekt Culture Up. De partners hawwe mienskiplik dat se behelle west hawwe of binne by foargeande of kommende Kulturele Haadstêden fan Europa.

Utwikselje fan kennis en ûnderfiningen
Stêden steane bekend as laboratoarium foar kulturele, kreative en sosjale ynnovaasje wannear’t se Kulturele Haadstêd binne. Mar tagelyk hat it wêzen fan Kulturele Haadstêd fan Europa ek in posityf effekt op net-stedsgebieten. De groep komt byinoar om mei foarbylden út de praktyk kennis en ûnderfining út te wikseljen oer de ynfloed fan keunst en kultuer op it plattelân. Mienskiplike ûndersykstema’s binne kommunikaasje, digitalisearring, jongerein, duorsumens en mienskip.

Yn Fryslân komme de partners yn ’e kunde mei projekten fan Arcadia en Keunstwurk, lykas IIS, BROEI, mar ek inisjativen út it fjild lykas Nij Talint Orkest, Dans op Recept en de tradysje fan de iepenloftspullen. In wichtich ûnderwerp fan petear is de mienskipsmetoade, hoe’t de mienskip sels inisjatyf ta kulturele projekten nimt en hokker effekt dat op de libbensomjouwing hat.

Reis by de partners del
Tusken oktober 2020 en novimber 2021 brochten de partners in besite oan alle dielnimmende lannen. It projekt waard oanstjoerd troch de kultuerôfdieling fan de gemeente Ringkøbing Skjern yn Denemarken. De oare partners binne Novi Sad – Kulturele Haadstêd fan Europa 2021 (Servië), Rumenka Cultural Station (Servië), Galway County Council (Ierlân), Sastamala Community College (Finlân) en Tampere Art Museum (Finlân).

Oer Culture Up
Culture Up is ûnderdiel fan it Erasmus+-programma fan de Europeeske Uny. De EU stipet mei Erasmus+ de edukative, profesjonele en persoanlike ûntwikkeling fan dielnimmers yn de sektoaren ûnderwiis, training, jongerein en sport yn Europa en dêrbûten. Erasmus+ leveret sa in bydage oan ekonomyske groei, wurkgelegenheid, likense kânsen en ynklúzje yn Europa.

juny 19, 2022 08:35
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.