Ynskriuwing ynterfryske frouljusmoeting ferlinge oant 15 juny
Resint ferskynd
Fan 13 oant 16 septimber 2022 organisearret de Fryske Rie wer in ynterfryske frouljusmoeting. Dat twajierlikse barren is diskear yn in groepsakkomodaasje yn Eastermar, yn ús – Westerlauwersk – Fryslân. It dielnimmen stiet iepen foar froulju út Noard-, East- en Westerlauwersk Fryslân. In nijsgjirrich programma is gearstald troch in wurkgroep út de Fryske Rie, oanfolle mei twa froulju út Vrouwen van Nu Friesland.
Under mear stiet der in besite oan de Sweach op it programma, û.o. nei de Tropyske Kas, in bisite oan it Skûtsjemuseum yn Earnewâld en in fartocht troch de Alde Feanen. Jûns wurdt der soarge foar ferdivedaasje mei sjongen en it fertellen fan ferhalen. Mei-inoar yn ‘e kunde komme en útwikseling fan ûnderfinings én geselligens stiet yn dy dagen foarop.
Sjoch foar it folsleine útwikselprogramma, en www.fryskerie.frl en op Facebook.com/FryskeRie.
It oanmelden foar froulju dy’t belangstelling hawwe om diel te nimmen, stiet no iepen. Dat kin oant 15 juny 2022 by de Fryske Rie, fia e-mailadres alindeboomjager@hetnet.nl. Der binne al wat oanmeldings ynkommen, mar der kinne mear froulju by. Mear ynformaasje kin ek fia dat e-mailadres opfrege wurde.
De frouljusmoeting is in aktiviteit fan de Ynterfryske Rie, in gearwurkingsferbân fan trije Fryslannen, resp. fan de trije seksjes dêrfan yn West, East en Noard. Fan West binne diskear ek de froulju fan it Westfries Genootschap yn Westfriesland (Noard-Hollân, Ned.) útnûge.
De leden fan de Ynterfryske Rie binne de trije Fryske Rieden en it foarsitterskip dêrfan wikselet om de trije jier. De Seksje Noard hat op it stuit it foarsitterskip oant healwei 2024. Dêrnei nimt de Seksje East dat wer foar trije jier oer. Neffens in fêst skema wurdt der om de trije jier ek in Friezemoeting op Hilgelân (Helgoland) organisearre. Dat wie dit jier fan 20 oant en mei 22 maaie. Yn 2021 koe it trijejierliks Ynterfrysk Kongres fanwege koroana net trochgean. Dat wurdt no oanslutend oan de frouljusmoeting yn septimber 2022 holden.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje