Wetter yn natuergebiet Teksel kleuret nei fiif jier wer rôze

juny 24, 2022 08:46 Fernijd

In wûnderbaarlik natuerferskynsel komt nei fiif jier werom. Krekt as yn 2017 kleuret it wetter fan de dobbe Wagejot op Teksel rôze. Natuermonuminten slút net út dat it wetter hielendal djiprôze wurdt.

Itselde ferskynsel yn Nagasaki Japan (foto: Wikipedia/Narufish – CC BY-SA 2.0)

Wagejot is in lang útstrekte dobbe net fier fan it doarp Oosterend. De dobbe is net natuerlik, mar ûntstie doe’t yn de santiger jierren grûn ôfgroeven waard foar in nije dyk yn ’e buert. Mar no is yn de dobbe sprake fan in opfallend natuerferskynsel, berjochtet NH Nieuws. It wetter kleuret stadichoan flamingorôze.

Boskwachter Eckard Boot fan Natuermonuminten: “Saakkundigen geane derfan út dat soks mar ienris bart. De kâns dat it nochris foarkomt, is lyts. Dat doe’t wy juster boppe op de dyk stiene te sjen, tochten we: it sil dochs net wier wêze? Mar dat wie it wol.” Boot tinkt dat de oarsaak dat it wetter rôze kleuret krekt deselde is as yn 2017. Fiif jier lyn skreau it Keninklik Nederlânsk Ynstitút foar Undersyk fan de See dat de rôze kleur nei alle gedachten te krijen hie mei de grutte drûchte op it eilân. Dêrtroch wie it sâltgehalte yn it wetter ekstreem heech en siet der amper soerstof yn.

Woartels en radyskes
Yn it wetter fûnen de ûndersikers doe it alchje Dunaliella salina. In tige lyts plantsje dat goed oer sâlte omstannichheden kin en in karoteeneftige stof ôfskiedt, te ferlykjen mei de kleurstoffen yn woartels en radyskes. Yn grutte hoemannichten kinne dy alchjes marren yntins rôze kleurje litte. De ûndersikers fûnen ek dinoflagellaat Oxyrrhis marina. Dat rôze wêzentsje is besibbe oan seefûnk; in alchje dat de see soms (ek) opljochtsje lit.

juny 24, 2022 08:46 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.