Wêrom’t boeren De Haach hjoed demonstratyf skouderje

juny 22, 2022 10:14
Foto: pixabay.com

Yn it Gelderske Stroe protestearje woansdei Nederlânske boeren manmachtich tsjin it belied fan harren lânsregear. Dat wol de útstjit fan stikstof beheine troch de buorkerij yngeand te feroarjen. De boeren eangje dat hja harren bedriuw oerjaan moatte.

De organisaasje ferwachtet 22 tûzen boeren. Hja komme ûnder it biedwurd “Wy skouderje De Haach” byinoar op it lân fan greidboer Gert-Jan Brouwer. Guon boeren geane earst nei De Haach ta om te demonstrearjen. Hja meie dêr lykwols net mei de trekker hinne. Eardere boereprotesten mei trekkers wiene foar de plysje te bedriigjend, dat dy binne no net talitten yn it Haachske sintrum.

Skoallen en bedriuwen yn Stroe en omkriten binne hjoed ticht, om’t it grutte ferkearsdrokte ferwachte wurdt. De gemeente Barneveld, dêr’t Stroe yn leit, hat boppedat foar woansdei in drankferbod ynsteld. Der ride boppedat minder bussen. Diken binne rûnom tichtset.

It Nederlânske regear wol tige graach mear huzen bouwe, mar de rjochter leit dêr op ‘t heden gauris it near op, mei’t der dan tefolle stikstof frijkomt. Ynstee fan de bouwerij mar oergean te litten moat der oars of minder buorke wurde, is it betinken fan it hjoeddeiske regear. Guon regio’s, benammen yn ‘e omkriten fan natoergebieten, moatte de stikstofútstjit mei mear as de helte ferminderje. Neffens in protte boeren kin dat hielendal net.

Ferskate provinsje, wêrûnder Fryslân, hawwe al oan De Haach te witten dien dat de plannen net út te fieren binne.

juny 22, 2022 10:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.