Waarpraatsje: Waarm
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – Wy hawwe dit jier noch net in hiel soad waarm waar hân, mar oant snein is it wol waarm, mei hieltyd hegere temperatueren.
Woansdeitenacht wikselje opklearringen en fjilden mei bewolking inoar ôf. De wyn komt út it noardeasten en is swak, by de kust lâns en boppe de Iselmar matich. It wurdt in graad of 10.
Tongersdei skynt de sinne flink en de temperatuer leit tusken 20 en 23 graden. De swakke wyn komt earst út it noardeasten, mar letter út ferskillende rjochtingen.
Freed en sneon wurdt it noch waarmer. Wy geane rjochting de 30 graden.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje