Waarpraatsje: Waarm simmerwaar
Resint ferskynd

Eastersee. Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – It is op it stuit kreas simmerwaar en dat bliuwt it fan ‘e wike ek.
Tiisdeitenacht is it wer helder en op guon plakken soe it wat dampich wurde kinne. By is swakke noardewyn wurdt it 8 graden.
Woansdei skynt de sinne hast de hiele dei en mei 20 oant 24 graden is it noflik simmerwaar. De swakke oant matige wyn komt út it noarden oant noardeasten.
Tongersdei kin it mear as 25 graden wurde. De kâns op in (tonger)bui nimt dan wol ta.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje