Waarpraatsje: Waarm, mar grutte ferskillen
Resint ferskynd

Doumastate, Spannenboarch. Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – It wie in waarme freed mei yn Fryslân ek in offisjele simmerske dei (25 graden of mear). Yn it wykein it is ek waarm, mar de ferskillen binne hiel grut.
Freedtenacht is it helder en by in swakke súdweste- oant westewyn wurdt it 16 graden.
Sneon hawwe wy in soad sinne. De wyn komt út it noardwesten en is swak oant matich. Letter op ’e dei giet de wyn op in soad plakken nei it noardeasten en boazet er wat oan. De ferskillen yn temperatuer binne sneon grut. By de noardlike kust lâns wurdt it amper 20 graden, mar boppe it fêstelân fan Fryslân sil it wat waarmer wurde. Yn it suden fan Nederlân wurdt it tropysk hjit mei mear as 30 graden.
Snein sil it oerol it hiel stik frisser wurde. By in swakke oant matige noardewyn leit de temperatuer yn Fryslân om ’e 20 graden hinne. Der is ek kâns op in pear (tonger)buien, mar de sinne lit him grif ek wol sjen.
Takomme wike it it hiel gewoan simmerwaar.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje