Waarpraatsje: Tongerbuien

juny 29, 2022 19:24

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It waard woansdei yn Fryslân in simmerske dei mei mear as 25 graden. Tongersdei is it ek noch waarm, mar dan falle der wol (tonger)buien.

Woansdeitenacht binne der opkkearringen en by hast gjin wyn leit de temperatuer om de 15 graden hinne.

Tongersdei skynt de sinne, mar letter op ‘e dei komt der mear bewolking en falle der tongerbuien mei kâns op wynpûsten, heil en in soad reinwetter. Yn ’e moarntiid stiet der hast gjin wyn, yn ‘e middei waait it matich út it westen. De temperatuer leit tusken 20 en 27 graden, mar yn ‘e rin fan ‘e dei kuollet it ôf.

Fan freed ôf wurdt it wer in skoft noflik simmerwaar.

Jan Brinksma

juny 29, 2022 19:24
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.