Waarpraatsje: Strieljende tiisdei
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – Moandeitemoarn wie it meast skier mar wol kreas waar. Yn ‘e middei foelen der rûnom yn Fryslân (tonger)buien en dy wiene in stik swierder as earder tocht waard. Op guon plakken hat it eaze. Yn ‘e omkriten fan Ljouwert wie sels efkes in wynhoaske te sjen. Yn Seelân gie it noch folle mâlder. Yn swiere wynhoas soarge yn Sieriksee foar in hiel soad skea. Der foel ien deade en der rekken ek minsken ferwûne. Tiisdei wurdt wer in hiel moaie simmerdei. Sa giet it op it stuit bot hinne en wer.
Moandeitenacht bliuwt it, nei alle gedachten, drûch en der binne flinke opklearringen. By hast gjin wyn wurdt it 10 graden.
Tiisdei skynt de sinne hast de hiele dei en by in swakke oant matige sudewyn leit de temperatuer tusken 20 en 24 graden.
Woansdei en tongersdei wurde de waarmste dagen fan dizze wike.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje