Waarpraatsje: Simmer

juny 16, 2022 19:18

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It is simmer en dat bliuwt it foarearst ek. Freed en sneon wurdt it waarm.

Tongersdeitenacht wikselje bewolking en opklearringen inoar ôf. De wyn is swak en komt út ferskillende rjochtingen. Letter yn ‘e nacht giet de wyn nei it súdeasten en boazet er by de kust lâns wat oan. It wurdt 14 graden.

Freed skynt de sinne, mar yn ‘e moarntiid kin der ek wat bewolking oerdriuwe. Yn ‘e middei is der, nei alle gedachten, mear sinne. De swakke súdeastewyn rommet letter nei it súdwesten en wurdt matich. By de kust lâns kin de wyn dan fan see komme. De temperatuer leit tusken 25 en 28 graden.

Sneon wurdt it noch wat waarmer.

Jan Brinksma

juny 16, 2022 19:18
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Lb juny 17, 11:08

    De wyn BOAZET OAN as er nei stoarmkrêft giet. Yn oare gefallen HELLET er OAN.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.