Waarpraatsje: Pear dagen simmer
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – It wie tiisdei dochs wol wat in skiere dei, mar kâld wie it net. Wy krije no in pear dagen mei hege temperatueren.
Tiisdeitenacht is it helder en op guon plakken soe it wat dampich wurde kinne. De noardeastewyn is swak, mar by de kust en boppe de Iselmar matich. It wurdt 8 graden.
Woansdei skynt de sinne hast de hiele dei, mar der kin wol wat hege bewolking oerdriuwe. By in swakke oant matige noardeastewyn leit de temperatuer tusken de 20 en 23 graden.
Tongersdei, mar benammen op freed en sneon wurdt it noch waarmer.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje