Waarpraatsje: Noflik simmerwaar

juny 30, 2022 19:16

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in pear waarme dagen, krije wy no in rite mei hiel gewoan, mar wol noflik simmerwaar.

Tongersdeitejûn falle der (tonger)buien, miskien wol mei wynpûsten, heil en in soad reinwetter. Yn ‘e nacht wurdt it stadichoan wer drûch. De wyn komt dan út it súdwesten en is swak oant matich, mar by de kust lâns stiet wat mear wyn. It wurdt 13 graden.

Freed wikselje bewolking en (wat) sinne inoar ôf en in bui is net hielendal útsletten. De súdwestewyn is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar sa út en troch frij krêftich. It wurdt krapoan 20 graden.

Yn it wykein skynt de sinne geregeld, it bliuwt, sa goed as, drûch en it sil 20 graden wurde.

Jan Brinksma

juny 30, 2022 19:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.