Waarpraatsje: Noch waarmer

juny 22, 2022 19:31

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie woansdei in strieljende simmerdei mei in hiel soad sinne en in noflike temperatuer. Tongersdei en freed wurdt it noch wat waarmer.

Woansdeitenacht is it helder en by in swakke oant matige easte- oant noardeastewyn wurdt it 10 graden.

Tongersdei skynt de sinne wer hast de hiele dei, mar yn ‘e jûn nimt de kâns op in (tonger)bui ta. De wyn komt út it súdeasten en is swak. De temperatuer leit tusken 24 en 27 graden.

Freed is it ek waarm, mar dan falle der rûnom (tonger)buien.

Jan Brinksma

juny 22, 2022 19:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.