Waarpraatsje: Kâns op tonger

juny 23, 2022 19:23

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie tongersdei in strieljende en hiel waarme dei mei temperaturen tusken 25 en 30 graden. Freed wurdt it minder waarm en der kinne flinke (tonger)buien falle.

Tongersdeitenacht is der kâns op in pear (tonger)buien. De swakke oant matige wyn komt út rjochtingen tusken it súdeasten en it súdwesten. Mei in graad as 17 is it in hiel mylde nacht.

Freed sjogge wy de sinne folle minder as tongersdei. Oft it in wiete, of foar in grut part in drûge dei wurdt, is op it stuit dreech te sizzen. De wyn giet nei it westen en is swak oant matich en de temperatuer leit om de 20 graden hinne.

Yn it wykein bliuwt it waarm, mar it is net stabyl. De kâns op it (tonger)bui bliuwt.

Jan Brinksma

juny 23, 2022 19:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.