Waarpraatsje: ‘Kâlde’ nacht

juny 20, 2022 19:14

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Der wie moandei mear bewolking as earder tocht waard, mar tiisdei sil de sinne mear skine.

Moandeitenacht is it helder en op guon plakken kin it wat dampich wurde. Der stiet hast gjin wyn en dy komt út ferskillende rjochtingen. Mei in graad of 5 sil it in ‘kâlde’ nacht wurde.

Tiisdei skynt de sinne hast de hiele dei en by in hiel lyts bytsje wyn út it noardeasten oant noarden wurdt it goed 20 graden.

De oare dagen fan dizze wike binne simmersk waarm.

Jan Brinksma

juny 20, 2022 19:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.