Waarpraatsje: geregeld sinnich

juny 2, 2022 19:47

Foto © Jan Brinksma

It wie hjoed oer it algemien in sinnige dei en it waaide net botte hurd.

Tongersdeitenacht is it helder, dat de temperatuer kin wolris oant 5°C sakje. De wyn is dan eastlik en swak oant matich.

Freed oerdei sil der in protte sinne wêze. Middeis sil it sa’n 18°C wurde; fierder de provinsje yn justjes heger. De wind is matich, mar by de kust wol stûfer. Hy draait fan it easten nei it noardeasten.

Yn it wykein wurdt drûch waar ferwachte, mar op de beide pinksterdagen moat rekken holdwen wurde mei rein- of sels tongerbuien. Nei de Pinkster is de kâns op rein lytser en de temperatuer sil normaal foar de tiid fan it jier wêze of krekt wat heger.

Waarnimmer

juny 2, 2022 19:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.