Waadsee Wrâlderfgoed fiert 13e jierdei

juny 18, 2022 09:53

Op sneon 25 juny fiert Waadsee Wrâlderfgoed syn 13e jierdei. Elkenien is wolkom yn de Aerden Plaats yn Aldebiltsyl om it feestje mei te fieren. It is ek mooglik om ien fan de aktiviteiten op lokaasje fan ûndernimmers te besytsjen en dêr it feestje te fieren.

Aerden Plaats (foto: Visit Wadden)

Yn 2022 is it trettjin jier lyn dat Unesco dit moaie gebiet ta Wrâlderfgoed útrôp. Lykas wenst wurdt dat fierd op de lêste sneon fan juny op de Dei fan it Waad. De Aerden Plaats is de hiele dei fergees tagonklik en der is fan alles te dwaan. Lykas in optreden fan Arnold de Boer, ZEA, en âld-dichter des Vaderlands Tsead Bruinja, de teaterfoarstelling Wat ’n Wad fan Pier21 of in muzykles fan in echte produsint: wat foar lûden fynt men op it Waad? En kin men dêr muzyk mei meitsje? It is ek mooglik om in eigen t-shirt of taske te seefprintsjen by de Safe Druk Brigade.

Huldiging ambassadeurs Waadsee Wrâlderfgoed
Deputearre Avine Fokkens-Kelder jout mei de ûndernimmers út it gebiet en Arjen de Boer fan Omrop Fryslân it startskot foar it feestje. Hja makket dêrby de alderearste ambassadeurs Waadsee Wrâlderfgoed buorkundich. Dat binne ûndernimmers, bewenners en oare nigethawwers dy’t grutsk binne op Waadsee Wrâlderfgoed en aktyf bydrage om fan it Waadgebiet ien fan de duorsumste bestimmingen fan Europa te meitsjen.

Flintertún (foto: Visit Wadden)

Al trettjin jier beskerme gebiet
De Waadsee, Unesco Wrâlderfgoed sûnt 2009 en yn Nederlân ferkeazen ta ‘Moaiste natuergebiet’. De Waadsee is ien fan de lêste grutte tijgebieten dêr’t natuerkrêften harren gong gean kinne. Fan it Noard-Hollânske Den Helder oant it Deenske Esbjerg. Dat kwetsbere gebiet fol ûnoanrekke natuer moat beskerme wurde en dêrom wurdt alle jierren de troch Unesco oanwiisde beskerme status fierd.

It programma en mear ynformaasje oer de Dei fan it Waad is te finen op: www.dagvanhetwad.nl.

juny 18, 2022 09:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.