Vocaal drieluik mei simmeropera Het zwanenkind

juny 23, 2022 08:19

Snein 3 july is der yn Ljouwert wer in foarstelling yn it ramt fan Fokaal trijelûk. Dan wurdt de mearke-opera ‘Het zwanenkind’ fan Rixt van der Kooij songen en spile. It is tagelyk de fiering fan it tweintichjierrich jubileum fan Vocaal Drieluik, in fiering dy’t al earder wêze sillen hie mar fanwege de koroanapandemy net trochgean koe.

It mearke
De keninginne is fertrietlik, want se soe sa graach in berntsje hawwe wolle. Se freget de goede fee om help. Se moat seis moanne op in swannenaai passe. Dat fynt se in nuver en min plan, mar se kriget wol in berntsje.
As it prinseske 18 jier wurdt giet it mis. Se feroaret yn in heale swan. De kening lit har opslute om har tsjin gekoanstekkerij te beskermjen. De prinsesse kin net oer de iensumens en fljocht fuort.
Hokker swan yn it lân soe de prinsesse wêze? Der moat wat betocht wurde om har werom te finen. Mar oft dat slagje sil?

Doeschka van Ginkel as de prinsesse. Foto © Arnold Hoogendorp

Het zwanenkind (2021)
De Nederlânsktalige opera is in komposysje foar fiif sjongers en piano. De besetting:
Laetitia Sprij – keninginne (mezzo-sopraan)
Geert van der Kaaij – kening (bariton)
Hella Termeulen –  goede fee (alt-mezzo)
Doeschka van Ginkel – prinsesse (sopraan)
Max Bruins – heraut en prins (tenoar)
Rixt van der Kooij – tekst, muziek (piano)
Erik Slik – regy

Rixt van der Kooij. Foto © Till Schmitz

Rixt van der Kooij makke dit stik mei komyske en fertrietlike mominten yn de tiid dat it kultuerele libben troch de koroana op slot siet. It leit goed yn it gehoar, it is makke foar in publyk dat net wend is om nei klassike muzyk te harkjen en ek tige tagonklik foar bern. It stik duoret 65 minuten

Bân mei Fryslân
Rixt van der Kooij komt fan Hurdegaryp en studearre piano yn Grins by Maria Stroo en dêrnei komposysje oan it Keninklik Konservatoarium yn De Haach, dêr’t se sûnt 1991 lesjout. Mei it fokaal trijelûk komt se geregeld yn Ljouwert. Har dochter Laetitia Sprij sjongt yn de opera de rol fan de keninginne. De sopraan Doeschka van Ginkel komt ek út Fryslân; dy waard grut yn Spannum. Yn de opera is se de prinsesse.

De útfiering is yn de Fermanje fan Ljouwert, Wurdumerdijk 18 en begjint om 15.30 oere.
Tagong: folwoeksenen €17,50 / jongerein (12-21) €7,50 / bern oant 12 jier €3,50
De kaartsjes kinne kontant by de yngong kocht wurde. Reservearje kin fia info@vocaaldrieluik.nl of fia www.vanplan.nl
juny 23, 2022 08:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.