Ungetiidzjen eartiids (ferhaal)

juny 25, 2022 08:00

In protte lju sille net mear witte wat dermei bedoeld wurdt, haaie, it hea ynhelje. Mar foardat it safier wie, kamen earst de hantsjemieren, meast út it Dútske West-Falen, om it gers mei de seine te meanen. Hja hiene in tintsje mei, dat by it haailân opset waard, dêr’t se dan nachts yn slepten. Dat meanen waard foar in fêststelde priis oannommen. It middeismiel krigen se meastentiids fan de boer dêr’t se foar oan it meanen wiene. Der waard trochmeand oant it tsjuster wie en moarns ier en betiid begûnen se wer.

It ferhaal giet dat der in deune boer wie dy’t it begrutte dat dy mieren safolle fertsjinnen mei har hurd wurkjen en de lange dagen dy’t se makken. Hy liet de boerinne skytpoeier troch it iten dwaan, sadat se oan de skiterij rekken. Hy tocht, dan sille se wol net mear sa hurd wurkje en dogge se langer oer it wurk foar deselde priis. Mar hy hie ferkeard tocht, de mieren meanden yn de bleate kont fierder en sa waard it lân tagelyk ek noch bedonge.

As de hantsjemieren de put derút hiene, teagen se wer nei harren heitelân werom. Dat wie net sûnder gefaar. Hja waarden dan bytiden opwachte troch minne lju dy’t harren berôvje woene. By Bakkefean is neffens oerlevering in jongeftich hantsjemier berôve en fermoarde. Foarby de Beakendyk is in tinkmonumint fan giele stientsjes makke, yn de folksmûle it Poepekrús neamd.

As it healân fier fan de pleats ôf wie, moasten de mieren sels foar harren iten soargje. In boer yn Boppeknipe hie in pear hantsjemieren út de Kompenije (Jobbegea). Dy waarden mei in heawein mei in ramt derop teplak brocht. Se namen foar in hiele wike iten mei: in grutte Keulske krûk mei sûpenbrij, in grouwe panne mei bret spek, brune beane, grouwe stro (‘jan yn ’t himd’), rogge- en krintebrea, in fetpantsje mei smarsel, mealde kofje, pakjes tee en sûker. Somtiden namen se ek in geit mei foar de molke. As it waar wat gaadlik like, wiene de twa Kompenijster ûngetiders op moandeitemoarn om fjouwer oere presint en dan giene se op ’e heawein mei twa hynders oan ’e langtiksel derfoar op wei. Op de sydsketten fan de wein lei in hearamt om de wein yn de breedte belade te kinnen. Se sieten dan op it ramt foarinoar oer. No moast mei sa’n ramt wol it lykwicht yn acht nommen wurde, want net elkenien hat net itselde gewicht. Sa moasten bygelyks grouwe minsken foarinoar oer sitte.

Alles wat de Kompenijsters mei hawwe moasten lykas de tinte en it itensguod foar in hiele wike, wie op de wein laden. Doe’t se fan it hiem ôfrieden gie it mis, de boer, in grou persoan kaam it yn it sin dat er syn jas mei de beurs deryn fergetten hie, dat hy joech de feint de leie en sprong fan de wein. Mar dat hie gefolgen, it lykwicht wie ynienen ferbrutsen. It ramt sloech oer de kop en dêr leine se beide neist de tsjillen fan de wein te spinfuotsjen. De tredde dy’t neist de boer siet makke in loftreiske. De feint helle as de wjerljocht de bout út de langtiksel. Sels it makste hynder soe noch skrikke fan de rauwe lûden dy’t de manlju út de kielsgatten kamen. Lokkich wiene se yn it hiemsân te lâne kommen. Dat sadwaande hiene se gjin ûngemakken. Doe’t se nei in wike meanen en ûngetiidzjen de sneons weromkamen, hiene se yn Nijbrêge in pleisterplakje en dêr traktearre de boer. “It wie mar goed,” sei ien fan de Kompenijsters, “dat jo de jas mei de beurs net fergetten hawwe. Om my giet it ramt by kafee Moeke op ’e Feanslûs wer oer de kop. Soene jo dan wer in boarrel jaan?”

Sûnder ûngemakken kamen se troch It Hearrenfean en Haskerdiken by de Nije Skou. De skouboer soarge dat it hiele spul oer de Hearresleat kaam fia de Vegelinswei nei it miedlân, de ‘tranen’ neamd. De tinte waard opset en op ’e grûn fan in fikse laach hea en gers fersjoen. De winige kant waard goed tichtstoppe. De tinte wie in fjouwerkante lape. Twa iken stokken (mantsjes) op de beide einen yn de grûn en yn de gaffels fan de mantsjes waard in stok deroer hinne lein dêr’t it tintekleed oerhinne kaam. Alles goed fêst en de tinte wie klear. Gjin lekkens of tekkens, de boppeklean kamen de hiele wike net út. As it hea safier wie, kaam de heasleep deroan te pas. Dat wiene in pear grouwe sleepbalken mei in ramt deroerhinne; op ’e efterein siet in opklapboerd en in lang tiemstring om de reak hinne en twa hynders der rjocht foar; de hiele saak waard op in bult skood, dan op de sleep en sa lutsen de hynders it nei de feart, dêr’t de preammen ree leine. Twa preammen waarden tagelyk laden, by eltse pream wurken twa man en alles waard mei de hân foarfoarke en op de Knipe gyng it derop deselde wize der wer út.

Hja wiene wol in dei ûnderweis foardat it hea te plak wie. Op sneontejûn kamen se wer thús en dat koe bytiden wol let wurde. Dan sieten de boerinne en de faam yn de saneamde hutte te wachtsjen op de boer en de ûngetiders mei kofje en waarme sûpenbrij, stiene de smarde broggen klear en waarden de leanen útbetelle. It wie al nei tolven as de Kompenijsters wer op hûs ta gongen. Kleie diene se net nei sokke dagen dêr’t se fan moarns betiid oant jûns let foar net in grut lean arbeidzje moasten.

Boarne: foar in part Ut de lapekoer fan D. van der Woude. Neiferteld troch Jangerben.
Foto ’s W. Dolstra, Bakkefean en feriening ‘De Fryske boerepream’. Fotobewurking Janke Mulder.
juny 25, 2022 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.