Undersiker mocht net prate oer risiko’s gaswinning

juny 29, 2022 12:33

Undersiker Hans Roest fan it steatstafersjoch op ‘e minen seach yn 2007 dat har hieltyd mear ierdskokken foardiene yn Grinslân. Hy fermoede dat de gaswinning dêr de oarsaak fan wie, mar hy mocht dêr net oer prate. Jild om fierder ûndersyk te dwaan waard ek net jûn. “Het was gaswinning die eigenlijk boven de wet stond”, seit Roest.

Roest die syn útspraken tiisdei tsjin leden fan de Twadde Keamer, dy’t op ‘t heden dwaande binne mei in parlemintsûndersyk nei it riden en farren by de gaswinning yn Grinslân, dêr’t in soad minsken skea en ellinde oan oerhâlden hawwe. Dat de gaswinning de oarsaak wêze koe fan de ierdskokken hawwe de gaswinners en de oerheid jierrenlang ûntstriden.

In oare ûndersiker, Peter van der Gaag, hat in eigen geologysk ûndersyksbedriuw. Hy warskôge al yn 1994 foar de ierdskokrisiko’s fan gaswinning. Ut syn ûndersyk die bliken dat de klaai yn Grinslân tynt en dêrtroch fluch ûnder spanning komt te stean, wat yn kombinaasje mei gaswinning soarget foar in grut ierdskokrisiko. Van der Gaag skreau der in artikel oer en hy seit dat it steatstafersjoch op ‘e minen dêr lêbich oer die, as wie it allegear ûnsin wat er opskreaun hie. Neffens Van der Gaag hat er sûnt dy tiid lêst fan de oerheid, om’t er hast gjin subsydzjes foar syn wurk mear kriget.

juny 29, 2022 12:33
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.