Twadde edysje ‘Groots in ’t Klein’ fan ’t simmer by Bax Kunst

juny 19, 2022 08:30

Yn ’e eksposysjeromte fan galery Bax Kunst yn Snits binne fan ’t simmer de moaiste keunstwurken op lyts formaat te sjen. Al it te eksposearjen wurk hat in fêste ôfmjitting fan 20 x 20 sm., de keunstners wurkje yn in protte ûnderskate techniken. Ferline jier al bliek it evenemint in grutte publykslûker foar de regio te wêzen. Alle keunstwurken út de eksposysje kinne nei oanskaf fuortdaliks meinommen wurde.

‘Wetterpoarte’ fan Peter Kempeneers (boarne: Bax Kunst)

Grut yn ’t lyts
Galeryhâlder Redmer Bax fertelt oer it idee fan de útstalling: “Mei Grut yn it lyts kinne wy in poadium foar mear as 75 profesjonele keunstners wêze. Ferline jier al bliek dat we mei dy formule in echt sukses hiene. De eksposysje luts in protte besite út binnen- en bûtenlân. Under de besikers wiene spontane toeristen, fêste klanten en minsken dy’t der spesjaal op ôf kamen.”

De eksposysje Gruts yn it lyts sil mear as 750 lytse keunstwurken toane fan de bêste keunstners út it oanbod fan de Snitser galery. Fan keunstners mei wa’t de galery al tritich jier gearwurket, oant keunstners dy’t nij yntrodusearre wurde. Keunsters út it bûtenlân stimden ek entûsjast yn. Nettsjinsteande it grutte tal eksposearre keunstwurken wurdt der wol op tasjoen dat de ynrjochting rêstich bliuwt.

Wurk fan Martin Sijbesma (boarne: Bax Kunst)

Keunst yn ’e brievebus
Spesjaal foar dizze eksposysje hat galery Bax Kunst in nij diel op ’e webside ynrjochte. Fia 360-gradefoto’s is de galery digitaal yn te sjen en alle lytse keunstwurken binne dêrmei ek maklik te besjen. De bestelling fan jins favorite keunstwurken kin ek út ’e hûs wei: orizjinele keunst yn ’e brievebus.

Dy’t it earst yn ’e roef komt, hat de measte kâns
It is ek de muoite wurdich om faker te kommen. De útstalling wurdt hieltyd oanfolle mei nije keunstwurken. Dat, om’t elts keunstwurk nei oanskaf fuort meinommen wurde kin. De nije keunstwurken kinne yn ’e galery ynliste wurde foar it bêste resultaat.

De eksposysje besytsje
Neist online is de eksposysje de hiele simmer ûnder de reguliere iepeningstiden fan de galery iepene.

De eksposysje duorret oant en mei 12 septimber 2022.

Sjoch op www.baxkunst.nl foar mear ynformaasje.

‘Frysk lânskip’ fan Evert van Hemert (boarne: Bax Kunst)

juny 19, 2022 08:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.