Toeristyske sektor profitearret fan resinsjekampanje

juny 11, 2022 08:24

Begjin dit jier binne de Fryske toeristyske marketingorganisaasjes in besprekkampanje begûn foar ûndernimmers yn de toeristyske en rekreative sektor mei as doel in bettere online sichtberens te kreëarjen. Troch masterlessen wurde ûndernimmers bewust makke fan it belang fan resinsjes. Dêr profitearret de hiele provinsje fan, want hoe mear earlike besprekken, hoe better kwalitative toeristen bewust in kar meitsje foar in besite oan Fryslân. It resultaat is dat it trochsneed sifer fan de dielnimmende bedriuwen omheech gien is.

Foto: Lydia Annema, Bedrijfsfotografie Lydia

Resinsjes binne fan tafoege wearde
De resinsjekampanje lit ûndernimmers sjen dat it ynheljen fan besprekken op in protte flakken weardefol is. Op dy wize wurdt de nammebekendheid fan bedriuwen grutter, krije ûndernimmers weardefolle reaksjes oer harren ûndernimming en krije se hânfetten dêr’t gasten mei motivearre wurde om in besprek efter te litten. No’t de resinsjekampanje al in skoftke rint, kin der in foarsichtige balâns opmakke wurde. Fan de goed 180 dielnimmende bedriuwen binne der in stikmannich mei faasje úteinset en dat hat fertuten dien. It trochsneed sifer is ûnderwilens op alle platfoarmen (Google, Zoover, Tripadvisor, Booking.com en Facebook) omheech gien.

It begjin fan in beweging
It resinsjeprojekt rint noch oant en mei septimber 2022. Merk Fryslân en de regiomarketingorganisaasjes wurkje dêryn gear mei ûndernimmers, VVV’s en Toeristyske Ynformaasjepunten. De resinsjekampanje is in ferfolch op de earste kampanje yn 2021, dy’t yn Súdeast-Fryslân útfierd waard. De kampanje is opset om’t bekend is dat 95% fan de minsken dy’t har op in fakânsje oriïntearje, op syn minst tritich minuten oan it lêzen fan besprekken besteget. It is dus net inkeld bedoeld as in kampanje fan koarte doer, mar as it begin fan in beweging dêr’t bliuwend omtinken yn is foar kwalitative en earlike resinsjes.

Foto: Lydia Annema, Bedrijfsfotografie Lydia

Oan de kampanje dogge tige ferskillende bedriuwen mei, fan grutte famyljekamping oant lytsskalige B&B, restaurant oant boateferhierder en fan hotel oant museum. Dielnimmers wurde traind troch regio-oanjagers, binne foarsjoen fan in bak mei struibrieven, posters en teksten en kinne meidwaan oan online masterlessen. Dêrneist meitsje se kâns op it winnen fan de ûndernimmerspriis. It dielnimmen is foar de bedriuwen fergees. Undernimmers kinne noch oanheakje fia friesland.nl/reviewcampagne.

De resinsjekampanje wurdt mooglik makke troch: Provinsje Fryslân, Toerisme Alliânsje Fryslân, Merk Fryslân, VVV Wetterlân fan Fryslân, Lân yn Fryslân, It Oare Fryslân en is ynspirearre troch in Alde See en Visit Ljouwert.

juny 11, 2022 08:24
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.