‘The Rolling Stones – Unzipped’ komt yn july 2023 werom nei Grins
Resint ferskynd
De ynternasjonale útstalling fan en oer The Rolling Stones komt werom nei Grins. Fan july 2023 ôf is The Rolling Stones – Unzipped yn it Grinzer Museum te sjen. De kaartferkeap set yn maart 2023 útein. Nigethawwers kinne har fia www.rollingstonesgroningen.nl oanmelde foar nijs oer de krekte data, dy’t letter bekend makke wurde.

‘The Rolling Stones – Unzipped’ (foto: Siese Veenstra/Groninger Museum)
Yn Unzipped reizgje de besikers by de hichtepunten út de karriêre fan de rockband lâns, einigjend yn in audiofisueel oerdonderjend slotmomint. Te sjen binne goed fjouwerhûndert orizjinele objekten út it persoanlik argyf, lykas orizjinele ynstruminten, poadiumûntwerpen en albumhoezen, mar ek ikoanyske kostúms, persoanlike deiboeken, seldsume audiofragminten en fideomaterialen.
Bysûnder is de studio en it beskieden ferbliuw yn Edith Grove yn Londen, dat oant en mei de sigarettepeuken neiboud is. Yn ’e midden fan ien fan de sealen sil it drumstel fan it yn 2021 ferstoarne bandlid Charlie Watts te sjen wêze.
Unzipped wie yn 2020 al koart yn it Grinzer Museum te sjen. Yn ferbân mei lanlike koroanamaatregels moast it museum doe nei fjouwer wike de doarren slute. Takom jier kriget elkenien de kâns om de útstalling dochs noch te sjen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje