Telefyzjeprogramma oer Friezen foar Dútsktalige Italianen

juny 22, 2022 11:41

Yn de Noard-Italiaanske regio Súd-Tirol wurdt Dútsk praat. Fansels is der in omrop yn de eigen taal en lykas It Nijs hat dy in soad niget oan taalminderheden yn oare lannen. Omrop Minet hat no in dokumintêre makke oer de Friezen. Net allinne de Friezen yn Nederlân komme oan bod, mar ek dy yn Dútslân. Yn de dokumintêre binne in soad bylden te sjen fan it Friisk-Droapen, it ynterfryske festival dat yn maaie op it eilân Helgolân hâlden waard. Der komme ûnder oaren sjoernalisten fan Omrop Fryslân en leden fan Fryske skotsploegen oan it wurd.

De útstjoering is hjirre te sjen:

Of klik hjir as de fideospiler yn jo ynternetsneuper net wurket:
https://www.minet-tv.com/de/sendungen/minet/minet-das-minderheitenmagazin-042022

juny 22, 2022 11:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.